It bêste fan LF2018 fan 21 juny 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Doarpen lâns De Boarn fertelle har skiednis yn 'De Tocht'
De Tocht is in projekt fan LF2018 dat in prachtich gebiet fan Fryslân ûnder de oandacht bringt:it streamgebiet fan de rivier De Boarn, fan it Keningsdjip by Bakkefean oant Jirnsum, dêr't De Boarn oait útkaam yn de Middelsee. De bewenners fan seis doarpen oan De Boarn fertelle har skiednis op teätrale wize. It publyk makket De Tocht yn 'e bus. Ferslachjouwer Jaring Rispens hat foar Omrop Fryslân in reportaazje makke, mei dronebylden dy't De Boarn moai sjen litte.

DNA LWD2018
It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Yn guon doarpen stean de minsken yn 'e rige om mei-inoar de skouders ûnder in mienskipsprojekt te setten. Dat jildt ek foar de FIER-doarpen: Friens, Idaard, Eagum en Reduzum. Mei mear as hûndert frijwilligers en in hânfol profesjonals sette se dêr in bysûnder teäterstik del: 'Oeds fan fierwei'.

'Oeds fan fierwei' is ien fan de 32 'Under de toer'-projekten fan LF2018. Peter Sijbenga fertelt oer it stik: 'Hoe dreech oft it ek is om te fjochtsjen yn in oarloch, oarloch went. Mar weromkomme út in oarloch is dreger. En dat is in hiel aktueel ferhaal, dat sjochst no ek by minsken dy't weromkomme út in oarlochssituaasje.'
De lokaasjefoarstelling 'Oeds fan fierwei' is te sjen yn de moanne july. Foar kaarten kinst sjen op de webside https://www.theatergroepfier.nl/

Oeds fan fierwei: Odysseus yn Fryslân
De Odyssee fan Homerus is bepaald gjin lyts ferhaal. Skriuwer en komponist Peter Sijbenga hat him dêroan weage. De ferneamde Grykske myte wurdt yn it Frysk ferteld yn 'Oeds fan fierwei'. Fjouwer lytse doarpen bringe it ferhaal mei-inoar foar it fuotljocht.

Yn guon doarpen stean de minsken yn 'e rige om mei-inoar de skouders ûnder in mienskipsprojekt te setten. Dat jildt ek foar de FIER-doarpen: Friens, Idaard, Eagum en Reduzum. Mei mear as hûndert frijwilligers en in hânfol profesjonals sette se dêr in bysûnder teäterstik del: 'Oeds fan fierwei'.

'Oeds fan fierwei' is ien fan de 32 'Under de toer'-projekten fan LF2018. Peter Sijbenga fertelt oer it stik: 'Hoe dreech oft it ek is om te fjochtsjen yn in oarloch, oarloch went. Mar weromkomme út in oarloch is dreger. En dat is in hiel aktueel ferhaal, dat sjochst no ek by minsken dy't weromkomme út in oarlochssituaasje.' De lokaasjefoarstelling 'Oeds fan fierwei' is te sjen yn de moanne july. Foar kaarten kinst sjen op de webside https://www.theatergroepfier.nl/

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)