It bêste fan LF2018 fan 20 septimber 2018 17:45

Yn dizze ôflevering:

Santjin muzykferieningen wurkje oan Lûd fan de Middelsee:

Santjin muzykferieningen, dy't gearwurkje ûnder de namme Samenwerkende Muziekverenigingen Leeuwarden, meitsje mei-inoar it Under de Toer-projekt Lûd fan de Middelsee. Dat binne lokaasjekonserten dy't begjinne yn it gebiet fan de âlde Middelsee mei it slot op it Aldehoustertsjerkhôf. It is it earste grutte projekt dat de santjin ferieningen mei-inoar meitsje.

Friezen om utens:
Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier? Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Anne Marije de Winkle yn Amearika.

Einfeest LF2018 in moannelang mienskipsbarren:

Festivalmoanne novimber wurdt de grutte ôfsluter fan it jier fan Ljouwert Fryslân 2018. De trije grutte festivals, It Noordelijk Filmfestival, it Luna Lichtfestival en Explore the North binne de trije pylders dêr't it einfeest om draait. Dêrnjonken wurde oeral yn de stêd en yn de provinsje tal fan oare aktiviteiten organisearre. It doel is om in nije kant fan Fryslân sjen te litten.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
(advertinsje)