It bêste fan LF2018 fan 2 augustus 2018 17:35

    Yn dizze ôflevering:
     

    Radioamateurs ferbine LF2018 mei de hiele wrâld:

    "Hello my name is Pappa India... kggggg." It is somtiden dreech te ferstean, mar dúdlik is dat minsken út de hiele wrâld ferbiningen lizze mei LF2018. Gjin toeristen of kultuerjagers, nee gewoan thús fanôf in soulderkeamer. Radiostjoeramateurs wurde yn de eter lokt mei in spesjale namme om ferbining te lizzen mei Ljouwert. Dêr stiet in leger oan Fryske radioamateurs om se wiis te meitsjen oer de kulturele haadstêd


    Wat fine besikers fan de blommefontein fan Drylts?:

    Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.

    Friezen om utens:

    Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier?
     

    Wat fine besikers fan de fontein fan Frjentsjer?:

    Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt eltsenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.

    It bêste fan LF2018

    Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
    (advertinsje)