It bêste fan LF2018 fan 19 july 2018 17:35

Yn dizze ôflevering:

Fan Lauwerseach oant Ofslútdyk:
'Dijk van een Verhaal' jout minsken op de seedyk gesicht

Wat sykje de minsken op de seedyk fan de Fryske Waadkust? Dy fraach boeit teätermakker Baukje Fennema. Se prate mei tal fan minsken op de dyk en makke der de foarstelling 'Dijk van een Verhaal' fan.

Elfwegentocht mei parade oer de Wâldwei

Je kinne der sneon net omhinne, benammen as je oer de Wâldwei ride wolle. Dy is ôfsletten foar de lêste dei fan de Elfwegentocht, it inisjatyf wêrby't in diel fan Fryslân twa wiken lang fossylfrij riden hat.

De parade is de ôfsluter en der wurdt besocht in rekôr te fêstigjen mei de grutste optocht ea fan elektryske auto's, auto's op grien gas as blauwe disel en fytsers en kuierders. Astronaut André Kuipers joech sneontemoarn it startskot. Ek oare ferfiermiddels dogge mei, sa as duorsume boatsjes en sels in elektrysk fleantúch.

Grutste haakte tekken te plak yn park Vijversburg

De grutste haakte tekken yn de wrâld leit te plak yn park Vijversburg by Tytsjerk. It is in inisjatyf fan Ljouwerters en soarch organisaasje Palet stipet it. It doel wie om 10.000 haakte tekkens fan 140x200 sm te sammeljen. Uteinlik binne it der 10.841 wurden. Oft se dêrmei ek yn it Guiness World Book of Records komme, wurdt takom wike bekend. Haken is verbinden.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)