It bêste fan LF2018 fan 19 april 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

'Weagen/Waves/Wellen':

Op de Aldehou is freed de twadde meartalige fideoprojeksje yn premjêre gien. 'Weagen/Waves/Wellen' is makke troch produsint/muzikant René Duursma, skriuwer/dichter Rodaan al Galidi en animator Antonia Rehnen. By de projeksje wurdt gebrûk makke fan it wurk fan dichter Tsjêbbe Hettinga en bylden út it Frysk Film Archief. 

Fan tongersdeis oant en mei sneins is it fideokeunstwurk te sjen

Escher op reis:

Syn wurk hinget in mannich klasselokaal, kantoarromte, skoalboek, as ôfbylding op neskerijen en screensavers. Nimmen wist mei in magyske kombinaasje fan keunst en wiskunde sokke prachtige yllúzjes te kreëarjen as Maurtis Cornelis Escher (1898 - 1972). Yn Fryslân DOK in unyk ynsjoch yn Escher's libben en syn wurk, troch de eagen fan minsken mei yn fassinaasje foar de keunstner.

Hy waard berne in Ljouwert en dat is foar it Fries Museum foldwaande reden om fan 21 april ôf in grutte tentoanstelling oan him te wijen. Kurator Judith Spijksma is belêste mei it opsetten fan de eksposysje en hat har foarnommen dúdlik te meitsjen hokker wei Escher nommen hat om ta syn ikoanyske wurken te kommen wêrby't fisken feroarje yn fûgels en minsken oer ivich oprinnende treppen kuierje.

Yn Itaalje brocht Escher in soad besiten oan lokaasjes dy't tsjinnen ta ynspiraasje. Samler Federico Giudiceandrea hat in eigen kolleksje Escher-printen oanlein dy't it resultaat binne fan dy trektochten.

DNA:

En wer in bysûnder ferhaal út it project DNALWD2018

Lost in The greenhouse:

Al wiken binne akteurs oan it repetearjen yn de broeikassen by Seisbierrum. Tusken de tomaten- en paprikaplanten wurdt fan freed ôf it teäterstik 'Lost in the Greenhouse' opfierd. Fryske en Poalske arbeiders belibje dêr fan alles. Neist it wurk binne der konflikten, rabberij en leafde. It stik fan teäterselskip Orkater wurdt oant en mei maaie opfierd en is al hast útferkocht.  It makket diel út fan Leeuwarden-Fryslân 2018.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)