It bêste fan LF2018 fan 18 oktober 2018 17:45

Yn dizze ôflevering:

Muzykteäter 'De Wylde Boerinne': wier bard boeredrama op plak delikt

Frou Broersma en boer Lammers, beide bouboeren yn Drylts kinne yn de 19e iuw de grutste bouboeren fan de Greidhoeke wurde. Sy widdo, hy frijman. Mar as sy syn houliksoansyk brút ôfwiist, kin hy dat net ferneare en set alles op alles om har it libben ûndraachlik te meitsjen. It lokaasjeteäterstik 'de Wylde Boerinne' gie tongersdei 11 oktober yn Drylts yn premjêre. De measte kaarten binne al ferkocht, de organisaasje hat dêrom twa ekstra foarstellingen organisearre.
 

Froulju fan Fryslan: hoe stiet it mei de stânbylden?

Wiken is der hurd wurke en de bylden fan de seis Froulju fan Fryslân binne hast klear. Mei dit projekt krije seis útkeazen froulju harren eigen stânbyld. Keunstner Natasja Bennink is op it stuit dwaande mei it ôfwurkjen fan de brûnzen bylden. Mar dêr gong hiel wat oan foarôf. Te begjinnen mei in tocht nei Flylân.

DNA LWD2018
It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Yn dizze ôflevering it ferhaal fan Ziva Colijn.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' makke. Hjoed in kompilaasje fan it hiele jier.
(advertinsje)