It bêste fan LF2018 fan 17 maaie 2018 18:45

    Yn dizze ôflevering:

    11Fountains
    Twa fonteinen fan it Kulturele Haadstêd-projekt 11fountains binne tiisdei pleatst yn Hylpen en Starum. It keunstwurk fan Starum is moandei út Tilburg nei It Hearrenfean brocht. De fontein hat de foarm fan in grutte fisk. It keunstwurk is ûntwurpen troch de Amerikaanske keunstner Mark Dion. Op freed 18 maaie wurde de fonteinen yn de Fryske alve stêden offisjeel iepene.

    Repetysjes foar Finestra Aperta op it Gaastereilân úteinset
    Op it Gaastereilân, in skiereilân ûnder de reek fan Drachten, binne de repetysjes foar Finestra Aperta úteinset. Dat stiet foar 'Iepen Finster'. Finestra Aperta is in lokaasjefoarstelling dy't spesjaal makke is foar Ljouwert-Fryslân 2018. It is in produksje fan Blau Hynder, Boost Producties en skouboarch De Lawei. Finestra Aperta spilet yn in koepel, makke fan bamboe. It is de grutste bamboekoepel ea makke yn Europa. De foarstelling giet op 1 juny yn premjêre en spilet oant en mei 1 july.

    DNA LWD2018
    It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

    Frijwilligers helpe manmachtich mei oprêden At the Watergate
    "Nei in lekker itentsje bliuwe je altyd mei de ôfwask sitten." Dat sei sneontemoarn artistyk direkteur Ben van der Knaap fan At the Watergate tsjin de tsientallen frijwilligers, dy't harren sammele hiene by it Bogerman College yn Snits. Binnen stiene tûzenen bêden, dy't eins allegear sneon noch oprêden wurde moatte. In monsteroperaasje dy't de organisaasje sûnder frijwilligers net oprêde soe. Dêrom kamen se freed mei in needgjalp om help en dy hat fertuten dien. Mei man en macht wurdt op dit stuit it Bogerman leechhelle, wêrnei't de ploech ek noch oan de slach sil op in oare skoalle. Dêr steane nochris tûzenen bêden.

    It bêste fan LF2018

    Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
    (advertinsje)