It bêste fan LF2018 fan 16 augustus 2018 18:35

Yn dizze ôflevering:
 

Wat fine besikers fan de fontein fan Harns?

Tsien fan de alve fonteinen yn de Fryske alve stêden binne ôfrûne maitiid oanset. Hoe giet it no? Wurde se massaal besocht? Wat fynt elkenien der fan? Omrop Fryslân giet se allegearre by del en siket it út.

Friezen om utens:
Wannear langest it meast nei thús? Programmamakker Miranda Werkman ynterviewt Friezen oer de hiele wrâld. Wat dogge se dêr? Wannear fiele se har thús? Wat bepaalt 'thús'? Mar ek oer hoe't kontakt feroaret op ôfstân, hoe om te gean mei feroaringen. Wêr dreame se fan en hoe meitsje se dat wier?

Yn dizze ôflevering Pier Kramer yn Portugal. Kinne je werom langje nei Fryslân as je net in skerp byld hawwe fan je bertegrûn? Troch wat wurde je oantinkens ynkleure en hoe helpt it ynternet derby? Pier wennet mei syn famylje yn Portugal, yn in yurt. Hy wie fjouwer jier doe't er ferhuze.

De Reuzen rinne njoggen rûtes troch Ljouwert hinne:

De dûker komt tefoarskyn út it wetter by de Willemskade en it famke wurdt wekker foar it stasjon. Sa sette de Reuzen op freed 17 augustus harren tocht troch Ljouwert útein. De hûn Xolo is hast de hiele tiid by it famke. De Reuzen rinne tagelyk in aparte rûte, want se binne op syk nei inoar.


14.000 parkearplakken foar Reuzewykein (17-19 augustus)

It is ien fan de grutste logistike útdagingen yn de histoarje fan de stêd Ljouwert: de komst fan de Reuzen fan Royal de Luxe. De ferwachting is dat it evenemint hûnderttûzenen minsken nei de stêd lûke sil. En dy sille foar in grut part mei de auto komme. Dêrom hat de organisaasje 14.000 parkearplakken regele.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)