It bêste fan LF2018 fan 14 juny 2018 18:45

Yn dizze ôflevering: 

Hast 10.000 tekkens ynsammele foar wrâldrekôr

It ferbinen fan minsken troch it haken. Dat is it grutste doel fan it kulturele haadstêdprojekt 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld'. Dat ek it wrâldrekôr fan de grutste haakte tekken ferbrutsen wurdt, is bysaak. Dat fine inisjatyfnimmers Esmeralda de Vries en Monique van der Hoek. Se binne al fjouwer jier dwaande mei it projekt, dat op 14 en 15 july ta in hichtepunt komt. Dan wurde alle tekkens oan inoar fêstmakke sadat it ien grutte mega tekken is. Hy komt te lizzen by Park Vijversburg yn Tytsjerk.

Wrâldrekôr, Op it stuit wurde de lêste haakte tekkens noch út it hiele lân ophelle en nei de opslach yn it âlde tydlike provinsjehûs yn Ljouwert tabrocht. Hjir wurde de tekkens troch frijwilligers labele en fotografearre. Der lizze no 9.600 tekkens en de ferwachting is dat se oer de 10.000 hinne geane. It rekôr leit op 8.000 tekkens. Der binne yn hiel Nederlân 150 ynleverpunten dêr't de tekkens weihelle wurde. Ek komme der tekkens út it bûtenlân, sa as Malta, Ruslân, Bûtan en Litouwen.

Sixth Avenue komt twa wykeinen lang fan New York nei Akkrum ta
It Heechein yn Akkrum moat wurde wat Sixth Avenue is yn New York. Oan dy strjitte rjochte âld-Akkrumer Frank H. Cooper yn 1896 in warehûs op dat op dat stuit it grutste fan de wrâld wie. Dêrom sil Akkrum op 9 juny werom yn de tiid mei it evenemint "Meet me at the Fountain". Seishûndert minsken binne hurd oan it wurk om alles op tiid klear te krijen. De namme fan it evenemint is in ferwizing nei it moetingsplak foar New Yorkers: in fontein mei it gouden byld The Statue of the Republic. Dy fontein wurdt yn Akkrum neiboud, krekt as in fjoertoer dy't op it warehûspân stie om klanten te lûken. Folkert H. Kuipers, de Fryske namme fan Frank H. Cooper wie Folkert H. Kuipers. Doe't er 22 jier wie, luts er fan syn berteplak Akkrum nei New York. Mei syn maat Henry Siegel rjochte er dêr it grutste warehûs fan de wrâld op. Dat wurdt yn Akkrum neiboud yn in skaal fan 1 op 3. Fiifhûndert figuranten ferbyldzje yn it twadde en tredde wykein fan juny it libben op strjitte fan Sixth Avenue yn it New York fan 1900.

DNA LWD2018
It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.


Mooie Plaatsys: in leafdesferklearring oan It Bilt
Gemeente It Bilt is net mear. Nei de weryndieling is it ûnderdiel fan de gemeente Waadhoeke wurden. Mar it typyske Biltske lânskip is der fansels noch wol, en de bewenners hawwe - nei eigen sizzen - in typysk Biltsk karakter. Fotografen Baukje Venema en Gitte Brugman lizze It Bilt fêst yn it fotoprojekt 'Mooie Plaatsys'. It lânskip fan It Bilt is foarme troch de ynpoldering, dy't begjin 16e iuw begûn. Minsken út Hollân giene hjir oan it wurk. Dizze skiednis hat ek de minsken foarme. "Vrijheid, ruimte, een bepaalde eigenzinnigheid", seit Gitte Brugman, is typearjend foar de Biltkers. De portretten en lânskippen binne mei 19e-iuwske foto techniken makke, om hjoed-de-dei en it ferline mei inoar te ferbinen.

Baukje Venema: "De mensen van toen zie je terug in de mensen van nu." Uteinlik wurde de foto's byinoar brocht yn in kassette mei fjouwer hânbûne boekjes. Dêr wurde mar 513 fan printe, likefolle as de jierren dy't It Bilt bestien hat. Elk boek hat in eigen jiertal. It kostet in soad jild om 'Mooie Plaatsys' te printsjen en út te jaan. Om genôch boeken yn it foar te ferkeapjen, binne Venema en Brugman begûn mei in crowdfundings aksje.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)