It bêste fan LF2018 fan 12 july 2018 17:35

Yn dizze ôflevering:

'Conference of the birds' oer de oerienkomsten tusken fûgels en Fryske orkesten

It lûd fan fûgels en Hafabra orkesten ferdwynt. Mar moatte wy dat slim fine? Dy fraach stiet sintraal yn de foarstelling Conference of the birds fan komponist en lûdskeunstner Sytze Pruiksma. "It docht my sear. Der binne minder fûgels en orkesten. En dy meitsje just it lûd dêr't ik sa tige gelokkich fan wurd." Dêrom tocht ik: "Hjir moat ik wat mei dwaan."

Dat idee hat der úteinlik foar soarge dat de Griene Stjer seis kear it toaniel wurdt fan sa'n 300 muzikanten, tweintich dûnsers, trije akteurs en trompetspiler Eric Vloeimans. De foarstelling Conference of the birds is dêrmei ien fan de grutste LF2018-projekten. Mar it is ek it slotstik fan de Kening fan de Greide. In projekt foar de takomst fan it lânskip dêr't Pruiksma al njoggen jier mei dwaande is. "Ik sjoch al tiden út nei dizze foarstelling. Hjiryn komme myn beide passys tegearre: natoer en muzyk."

DNA LWD2018
It doel is dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

Ljouwerter bern meitsje eigen hingplak

Bern út de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen binne al moannen dwaande om harren dreamplak te betinken en te meitsjen. Se dogge dat ûnder lieding fan ûntwerpster Lisette Bokma. "De grutste útdaging is de kreativiteit út de bern te heljen'', sa fertelt Lisette oer dit Kulturele Haadstêd projekt.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 17.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)