It bêste fan LF2018 fan 12 april 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Sjen yn it tsjuster: In nachtelijke foarstelling yn Burchwert as earbetoan oan dichter Tsjêbbe Hettinga.

Planeet Escher: Der wurdt hurd wurke oan de Eschertekkens foar Kulturele Haadstêd 2018. Ek yn Makkum komt it iene kleed nei it oare op tafel. Al twa jier komt in groep froulju ien kear yn 'e moanne byinoar yn de biblioteek fan Makkum om te wurkjen oan de kleure tekkens. Harren doel: it Guinness Book of Records helje. Der moat noch aardich wat haakt wurde, mar yn Makkum gean se derfoar.

DNA: Yn it skoaltelefyzjeprogramma Tsjek wurdt alle wiken it DNA fan it jonge of famke út de klasse tsjekt. Bysûndere ferhalen wikselje hilaryske ferhalen ôf. Yn dizze reportaazje it bysûndere ferhaal fan Gerrit de Vries (13). Yn febrewaris 2017 krige hy te hearen dat hy harsenstamkanker hat. Yn Tsjek myn DNA fertelt Gerrit syn bysûndere ferhaal.

Lân fan taal: Yn Ljouwert is de Taletún en it Talepaviljoen iepene. Beide binne ûnderdiel fan ien fan de meast promininte projekten fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd: Lân fan taal. Lân fan taal fiert de taal. De Taletún is in audio-avontoer yn de Prinsetún.

Smelle beurs: De fergeze eveneminten binne dreech te finen op de webside fan Kulturele Haadstêd 2018. Ferantwurdlike Immie Jonkman: "Op ús webside kinst tenei ek sykje op 'wat kostet in bepaald projekt'. Kinst no al sykje op datum of sjenre, mar aanst ek op saken dy't fergees binne."

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)