It bêste fan LF2018 fan 10 maaie 2018 18:45

Yn dizze ôflevering:

Kultuer jeugdfûns
Kultuer bringe yn it libben fan in bern is de missy fan it Jeugdfonds Sport & Cultuur. It fûns stipet dit jier yn gearwurking mei LF2018 in ferskaat oan kulturele projekten foar bern, lykas Stoereloer en Jij en de Lawei. It fûns helpt ek by sjong- of dûnslessen foar bern, net elke âlder kin dy lessen betelje. It is foar bern tusken de 4 en 18 jier. Ien fan de bern dy't stipe krijt, is Sanna. Se is gek op dûnsjen, sjongen en aktearjen en giet no mei help nei de Telekids Musical skoalle. Har mem Anita Rondeel is dêr bliid mei. "Sanne is acht jaar en heel beweeglijk. De musicalschool is haar op het lijf geschreven, zo kan ze mooi haar eigen ding doen, zoals zingen, toneelspelen en dansen."

Hout-Veart2018
Stichting Hout-Vaert freget omtinken foar de maritime skiednis fan Fryslân en yn it bysûnder foar it Sweedske en Noarske hout. Hout út dy lannen waard foarhinne brûkt om boerepleatsen mei te bouwen. De tocht yn july bringt de reis fan hout yn byld, fan siedsje en beamstam oant produkt en betsjutting. De tocht ferbynt de rike histoarje fan de houtfeart mei takomstige mooglikheden fan hout: fan keunst en houtmeubels oant ekokons en brêgen. Hout is duorsum materiaal foar de nije, sirkulêre ekonomy.

DNA LWD2018
It is de bedoeling dat elkenien dy't wat mei Ljouwert hat, wat yn de buiskes docht. Gjin echt DNA fansels, mar wol wat persoanliks dat in ferhaal fertelt. Ek yn dizze ôflevering wer in bysûnder ferhaal.

It bêste fan LF2018

Fan alle reportaazjes oer de LF2018 projekten is it programma 'It bêste fan LF2018' foarme dat alle tongersdeis om 18.45 oere te sjen is op telefyzje.
(advertinsje)