Indian summer, 25 jier TV en mear (#29)

Piet & Wim besprekke rinnend yn de Ingelske Tún yn Harns de simmer, dy't no sa'n bytsje achter ús leit. Ha gjin noed: ek at it waar alwer minder is kinst dit praatsje noch goed hawwe hear! It giet ék oer Piet's 25 jierren lanlike telefyzje, oer Piet's nije skuorkalinder (ja, écht) en fansels foarsichtich oer de kommende hjerst. In goeie tsien menúten lege druk waarpraat op ynternet, moai das't wer even mei hearst.

By dizze podcast is ek in fideo op ús YouTube kanaal:

Programma presentator: 
Wim Brons

PietCast

It waar, ien fan de ûnderwerpen dêr’t it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dy’t ynteresearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma.
(Advertinsje)