I.K. fan 2013-05-03T17:03:00

Yn de earste ôflevering fan I.K., Wyn en Wetter giet de klasse op skoalkamp. Foaral Jildou hat der sin oan om efkes fan hûs te gean, want it giet net goed tusken har heit en mem. Op kamp lit Jeroen blike dat er in eachje op har hat, en dat lit Jildou net kâld. Rutger trouwens ek net; dy liket sa jaloersk as de duvel te wêzen. Of hat er in goede reden om Jeroen en syn maat Michael, dêr’t er troch pesten wurdt, net te fertrouwen?

Share this page on:
Programma Banner I.K. Wyn en Wetter

I.K.

Nei it suksesfolle earste seizoen fan de jongerinsoap I.K., komt Omrop Fryslân mei in spannende twadde rige fan de searje: I.K. Wyn en Wetter. Mei in nij ferhaal, in oare omjouwing en nije akteurs. Mar benammen ek in nij en aktueel tema: loverboys. In fenomeen dat ek yn Fryslân faak foarkomt.
(advertinsje)