I.K. fan 17 maaie 2013

't Is merke. Dikke lol foar Jildou en de oaren. Mar as Rutger syn gesicht sjen lit, wurdt it gau minder gesellich. Hy komt aardich allinnich te stean, hielendal as ek Lieke fernimme lit dat se teloarsteld yn him is. Jeroen liket trouwens ek teloarsteld. Omdat er twivelet oft Jildou wol genôch fan him hâldt.

Diel dit berjocht op:
Programma Banner I.K. Wyn en Wetter

I.K.

Nei it suksesfolle earste seizoen fan de jongerinsoap I.K., komt Omrop Fryslân mei in spannende twadde rige fan de searje: I.K. Wyn en Wetter. Mei in nij ferhaal, in oare omjouwing en nije akteurs. Mar benammen ek in nij en aktueel tema: loverboys. In fenomeen dat ek yn Fryslân faak foarkomt.
(advertinsje)