Ik bliuw fan 2 febrewaris 2017 18:45

    Wat hat it plattelân fan Fryslân wat de grutte stêd net hat en wat driuwt minsken om yn de doarpen te bliuwen? Om dat út te finen makken acht studinten fan de NHL Hogeschool yn Ljouwert it programma ‘Ik bliuw’. Presintatrise Wypkje Hettinga makket in roadtrip troch Fryslân op syk nei antwurden.

    Hjoed giet Wypkje nei Nijegea, Eastermar en De Pein.

    Ik bliuw

    Fryslân is ien fan de provinsjes dy’t in soad te krijen hat mei leechrin. Minsken ferlitte it plattelân en lûke nei de grutte stêd. Dochs binne der noch in soad minsken dy’t bewust op it plattelân wenjen bliuwe. Mar wêrom eins? ‘Ik Bliuw’ siket minsken op dy’t yn ferbân mei in bysûndere baan, hobbys of de leafde foar doarpen op it plattelân wenjen bliuwe. Dizze programma's wurde werhelle yn wike 25.
    (advertinsje)