Ik bin PRO fan 22 jannewaris 2020 17:30

Yn de earste ôflevering fan 'Ik bin PRO' yntrodusearret Raynaud it praktykûnderwiis. Hy moetet learlingen en praat mei ortopedagooch Henk Wesseling en direkteur Peter Zeldenrust fan De Diken oer de ynstek fan it praktykûnderwiis.

Fragen dy't oan bod komme binne: Wat is it praktykûnderwiis en foar wa is it? Wat is de status fan PRO learlingen yn ús mienskip? Dêrneist wurdt sjoen nei it konflikt tusken de learlingen en de prestaasjemaatskippij dêr't wy yn libje.

Ik bin PRO

De foaroardielen oer it praktykûnderwiis yn Ik bin PRO. Yn it programma rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis.
(Advertinsje)