Ik bin PRO fan 18 maart 2020 17:30

Yn dizze útstjoering rint Raynaud mei op de staazje fan PRO-learling Irene by Empatec yn Snits. Irene hat ekstra begelieding nedich yn har wurk en soe hiel graach by Empatec oan it wurk wolle. Spitigernôch komt sy op in wachtlist te stean, om't de oerheid net genôch sosjale wurkplakken beskikber stelt. Wat betsjut dat foar Irene en oare PRO-learlingen dy't útstreame wolle nei begelied wurk? Wurdt dy mooglikheid eins wol oanbean?

Ik bin PRO

De foaroardielen oer it praktykûnderwiis yn Ik bin PRO. Yn it programma rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis.
(Advertinsje)