Ik bin PRO fan 12 febrewaris 2020 17:30

Troy (12) komt fan De Gordyk en is nochal ympulsyf. Dat hy sa ympulsyf en net krekt is behinderet him yn syn ûntwikkeling. Gelokkich hat hy in mentor dy't doelfêst mei him oan ferbettering wurket.

Dosint Jos fertelt oer de ûntwikkelingen fan kognitive feardichheden en mooglikheden dy't sy as dosint bûten de boeken hawwe om feardichheden te stimulearjen.

Ik bin PRO

De foaroardielen oer it praktykûnderwiis yn Ik bin PRO. Yn it programma rint presintator Raynaud Ritsma hast in jier lang mei op trije Fryske skoallen foar praktykûnderwiis.
(advertinsje)