IepenUP Live fan 9 oktober 2019 20:01

IepenUP Live mei it grutte wetter- en klimaatdebat

Goed twatûzen boeren setten ferline wike tiisdei it lân op de kop om't se har troch de polityk oan de kant set fiele. Der is wat oan de hân: it klimaat feroaret, de seespegel giet omheech en we krije mear delslach, mar ek langere perioaden fan drûchte. De kwaliteit fan ús drinkwetter stiet ûnder druk en it is noch mar de fraach oft we genôch drinkwetter hâlde.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)