IepenUP Live fan 4 septimber 2019 20:01


Jenny Douwes sprekt har út yn iepenUP Live

Se waard bekend as frontfrou fan de ‘blokkearfriezen’: Jenny Douwes fan De Harkema. As wurdfierder fan dy groep aksjefierders foar Swarte Pyt groeide Jenny út ta in nasjonale bekendheid. Okkerdeis waard Douwes fanwegen de blokkearaksje feroardiele ta in wurkstraf fan leafst 240 oeren. De rjochter neamde har as inisjatyfnimmer fan de aksje op 18 novimber 2017 tsjin de demonstranten fan Kick Out Zwarte Piet in 'opruier'. Mei 19 fan de 34 'blokkearfriezen' stiet sy 24 septimber yn heger berop op 'e nij foar de rjochter. Jenny feroarsake in nije rel doe't sy en har advokaat Wim Anker lulk opstapten by it tv-programma RTL Late Night, om't se gjin konfrontaasje woene mei Jerry Afriyie fan de aksjegroep Kick Out Zwarte Piet.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)