IepenUp Live fan 20 desimber 2019

De Fryske Popawards waarden dit jier op 20 desimber bekend makke yn in spesjale útstjoering fan IepenUp Live yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn in spesjale ôflevering fan IepenUP Live waard in hiele trits oan prizen útrikt. Oant freedtejûn 20.30 oere wie it foar it publyk noch mooglik om in stim út te bringen foar de Publykspriis. Der wiene tsien nominearren dêr't op stimd wurde koe. Neist de prizen wiene der optredens fan Ski & Simba, Esther de Jong, Minke & Lucia en It Dockumer Lokaeltsje. De presintaasje wie yn hannen fan Willem de Vries en Marianne Klijnstra.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)