IepenUP Live fan 19 febrewaris 2020 20:01

Yn it Fries Museum is sûnt fan 'e wike in ekspoysje te sjen oer de see en de ûnderwetterwrâld. Al iuwenlang wurdt de minsk ta de see oanlutsen. De see ropt in unyk gefoel op fan tiidleasheid en ferbûnens. De see kin myld en kleurleas wêze, mar ek wreed en smoarch. Yn Other.Worldly besykje goed tweintich keunstners de ûnderwetterwrâld te trochgrûnjen.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)