IepenUP Live fan 18 septimber 2019 20:01

IepenUP Live: Wat docht Tinder mei dyn brein?

Dating-apps as Tinder lykje in ideale en benammen maklike wize om mei minsken yn kontakt te kommen. Yn werklikheid wurde brûkers geastlik sa beynfloede dat se ferslave reitsje oan it dating-systeem sels. It sykjen nei nije kontakten en it meitsjen fan ôfspraken jout de man of frou dan mear befrediging as de moetingen mei de persoan yn kwesje sels. Neuro-ekonoom Vasily Klucharev wie woansdei fan Moskou út spesjaal nei Ljouwert kaam om op it poadium fan IepenUP live te warskôgjen foar de manipulative gefaren fan websides foar it brein. De professor is spesjalist op dit mêd en hat hjir in soad ûndersyk nei dien.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)