IepenUP Live fan 16 oktober 2019 20:01

IepenUP Live: Tentoanstelling moat byld fan Wytsingen nuansearje

Undersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen (RUG) hawwe in rekonstruksje makke fan it Fryske lânskip yn de tiid fan de Wytsingen (Frysk foar Viking).

Dat hawwe se dien yn gearwurking mei it Fries Museum, spesjaal foar de tentoanstelling 'Wij, Vikingen', dy't fan sneon ôf te sjen is.

Konservator Diana Spiekhout fan it museum fertelde woansdeitejûn by IepenUp Live oer de tentoanstelling.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)