IepenUP Live fan 14 oktober 2020 20:01

Yn dizze IepenUP komt de Fryske TikTok-community del, prate wy mei saakkundigen oer it feroarjende sosjalemedialânskip en oer wêrom't in sosjalemedia-app mei filmkes fan 15 sekonden sa'n bedriging is foar de Amerikaanske tech-yndustry.

De jonge en aktive doelgroep dy't Facebook mist, hat TikTok wol. TikTok is popkultuer, it antwurd op YouTube en stikken moaier as Instagram-stories. Wolst as artyst in sukses wurde, dan is TikTok it rapste paad fan neat nei wrâldhit.

Tagelyk is TikTok it gesicht fan de ekonomyske kriich tusken de Feriene Steaten en Sina. Sina wol de technyk en de algoritmes fan TikTok net samar ferkeapje en Trump wol TikTok net langer tastean op Amerikaanske grûn.

De gasten fan hjoed sille dizze dingen en mear besprekke yn IepenUP Live. Fansels is der, lykas altyd, ek poëzy en muzyk!

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)