IepenUP Live fan 12 febrewaris 2020 20:01

It Kulturele Haadstêd-jier is alwer goed in jier foarby. Krekt no't we dizze positive enerzjy fêsthâlde wolle, is gemeente Ljouwert, krekt as oare gemeenten, konfrontearre mei Haachske maatregels dy't hegere soarchkosten opsmite. Der is dus minder jild foar keunst en kultuer. Hoe geane we hjirmei om? Hoe kinne we dochs besykje om moaie plannen út te fieren? Wat dogge makkers en ynstellingen? Dat en noch in hiel soad mear yn IepenUP live.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)