IepenUP fan 7 maart 2018 20:01

In hiele bysûndere edysje fan IepenUP dizze wike, it giet dizze wike nammentlik oer: FEEST! Ferskate muzykstilen en kultueren komme oan bar yn it programma fan jûn. 

Wa kinst ferwachtsje: Hindoestaanske reggaeband The Lions Den Band, Klezmerband Di Gojim, DJ De Rooie Jager, de Marokkaanske feestband Fiesta Salama Band en de Fryske Gaatze Bosma. Tuskentroch sjogge wy ûnder oaren nei yllúzjonist David Globe, fjoerspuister Welly Bosgraaf fan de Dragongirls, de nijste trends yn feestartikels en in tal fan ferrassingen...

IepenUP

Ekstra útsjoering 4 maaie Frijheidskolleezje mei Jan Terlouw. It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)