IepenUP fan 7 febrewaris 2018 - Frysk Black

In donkere hûdskleur en regionale identiteit; hoe wurket dat? Wurdst nuver oansjoen ast swart bist en ek Frysk praatst? Friezen mei in kleurke en Tûmba (meldpunt diskriminaasje) prate yn IepenUP oer: Frysk Black. 

Under oaren presintator Andrew Makkinga, hikke yn Uganda, tein yn Winsum (Grins), skood oan. Hat syn efternamme holpen yn syn karriêre? En wat bedoelt er as er seit: ''Wie voor zwarte piet is, heeft Mandela niet begrepen''? Ek de populêre BraboNeger, echte namme Steven Brunswijk, is te gast. Hy praat oer syn YouTube-filmkes wêryn't hy, mei yn ûnferfalske Brabânsk aksint, aktiviteiten ûndernimt dy't, neffens him, allinnich wite minsken dogge. IepenUP co-host Marianne Klijnstra, boeredochter en grutske Friezinne fertelt har ferhaal oer it opgroeien as Fries mei in kleurke op it plattelân. Dêrneist binne muzikant Frenk dos Santos, sjonger Orlando Uitenwerf, sjonger Carlos Hogendrop en mediaman Ramiro Gras. Muzyk komt fan Shirma Rouse; bekend fan telefyzjeprogramma The Voice.

IepenUP

Ekstra útsjoering 4 maaie Frijheidskolleezje mei Jan Terlouw. It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)