IepenUP fan 5 septimber 2018 20:01

Yn Iepen UP Live giet it oer de frijheid fan mieningsutering en Europa. Dêroer komt Inna Shevchenko praten. Sy is de lieder fan de feministyske aksjegroep FEMEN en ien fan de grutste striders fan it frije wurd yn dizze tiid. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)