IepenUP fan 4 maaie 2019 17:00

Frijheidskolleezje mei dokumintêremakker Natascha van Weezel

De famyljeskiednis fan auteur en filmmakker Natascha van Weezel beynfloedet har wurk. Har beide âlden binne sjoernalist en bern fan Holocaust oerlibjenden. Yn iepenUP fertelt se yn in frijheidskolleezje wat dy famyljeskiednis mei har dien hat as persoan en as dokumintêremakker.

Fan Natascha har fjirtjinde oan har njoggentjinde hie se anoreksia ûnder de leden. In besite oan Auschwitz hie ynfloed op har genêzing. Van Weezel studearre yn 2012 ôf oan de filmakademy yn Amsterdam mei in dokumintêre oer bernsbern fan Holocaustoerlibjenden. Hjir skreau se yn 2015 ek in boek oere: De derde generatie. Mei har heit skreau se in wikselkollum yn Trouw en se is fêste kolumnist by it Parool.

Yn 2018 reizge Natascha in moanne op de fyts foar har rige 'Natascha's Beloofde Land' (VPRO) troch Israel en de Westelijke Jordaanoever. Har doel wie om it konflikt fan alle kanten op in nuansearre wize yn byld te bringen. Hjir seit se oer: "Ik ben journalist geworden, omdat ik apathie het ergste vind wat er is, bij welk onderwerp dan ook."

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)