IepenUP fan 4 maaie 2018 19:00

Yn dizze ôflevering fan IepenUP is skriuwer en âld-politikus Jan Terlouw te gast. As jongfeint makke er de Twadde Wrâldoarloch bewust mei en ûnderfûn wat it betsjut om tydlik net yn in rjochtssteat te libjen. Yn de jierren '70 wie er foar D66 lid fan de Twadde Keamer en dêrnei minister fan Ekonomy, kommissaris fan de Keninginne yn Gelderlân en senator yn de Earste Keamer. Neist syn politike karriêre, skreau er mei in soad sukses berneboeken lykas 'Koning van Katoren', 'Briefgeheim' en 'Oorlogswinter'. Ek skreau er mei syn dochter Sanne detectives. Ein 2016 hold er yn it tv-programma 'De Wereld Draait Door' in pleit foar mear ûnderling fertrouwen, syn 'touwtje uit de brievenbus' makke in soad yndruk.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)