IepenUP fan 30 jannewaris 2019 20:01

Glânzjend hout, blinkend koper, slipe pearelmoer. Materialen út de hiele wrâld komme by-inoar yn de ambachtlik neimakke motorblokken fan Éric van Hove (Algerije, 1975).

Fan de lytste skroefkes oant silinderkop: elk ûnderdiel wurdt mei de hân neimakke troch ynternasjonale ambachtslju, ûnder lieding fan Van Hove. Fan 2 febrewaris ôf is de grutte oersjochsútstalling van Éric van Hove yn it Fries Museum te sjen. Fenduq lit sjen wat minskehannen meitsje kinne. Tagelyk set it keunstwurk oan ta neitinken oer globale fraachstikken.

Foar de keunstner stiet it motorblok foar de yndustrialisaasje, dy't yn in soad lannen de ein betsjut fan it klassike ambacht. Rinnendebânwurk yn stee fan hânwurk. Mei syn ymposante replika's set Van Hove tradisjonele ambachten op 'e nij op de kaart. Hy kombinearret de skjintme fan design mei aktuele tema's lykas de ferdieling fan wolfeart en de ferskillen tusken it westen en de rest fan de wrâld.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)