IepenUP fan 3 oktober 2018 20:01

Alle woansdeis streamt it diskusjeplatfoarm IepenUP fanút Neushoorn yn Ljouwert wei, live te sjen by Omrop Fryslân. Yn gearwurking mei it diskriminaasjemeldpunt Tûmba yn Ljouwert is it tema fan woansdeitejûn 'God loves fags!'

Yn alle religys is der somtiden fijannichheid tsjinoer homoseksualiteit of wurdt it diels of hielendal ôfkard. Yn de útstjoering fan woansdeitejûn komme (eks-)leauwenden oan it wurd mei ferhalen dy't te krijen ha mei dit tema.

De gasten binne:

  • Tofik Dibi, âld-Twadde Keamerlid foar GrienLinks. Hy skreau de autobiografyske roman Djinn uit de kast, oer syn dûbeldlibben en eangst
  • Femke van Hettema, fotografe dy't opgroeide yn de Betheltsjerke yn Drachten, dêr't homoseksualiteit net akseptearre wurdt
  • Robert Jan Nijland Beltman, teolooch, jeugdpastoar en homoseksueel
  • Isjed Hussain, genderfluïde en moslim, inisjator fan ûnder oare Veilige Haven Utrecht en Queer Welfare
  • Botte Jellema, sjoernalist dy't in protte oer homo-emansipaasje en -rjochten skriuwt, hy is woansdei co-host
  • Bobby Choco fersoarget de muzyk

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)