IepenUP fan 28 novimber 2018 20:01

Jet van Nieuwkerk is dizze wike te gast yn IepenUP Live. De dochter fan DWDD-presintator Matthijs van Nieuwkerk jout oan de hân fan fideofragminten har fyzje op de hjoeddeistige situaasje yn ús lân. Presintator Jacco de Boer sil it mei har hawwe oer iten, hypes by it itensieden en Orthorexia, de beneaming foar minsken dy't allinnich mar it aldersûnste iten hawwe wolle.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)