IepenUP fan 28 febrewaris 2018 20:01

Is humor in effektyf middel tsjin haat? Kinst polarisaasje ûntregelje mei humor? Dat binne fragen dy't dizze wike sintraal steane yn IepenUP oer: Humor vs haat yn Europa. 

Te gast is ûnder oaren keunstner en rasprovokateur Katinka Simonse oftewol LoooveTinkebell. Sy wit goed hoe't se pynlike kwestjes kreëarje moat. Earder makke sy al ris in tas fan har kat, wêr't is soad oer te dwaan wie. Ek aksjegroep Fossil Free Culture NL komt del om te fertellen oer wat harren optredens, wêrmei't se de lanlike parse hellen, dien hawwe tsjin Shell yn it Van Gogh Museum. Dêrneist fertelle tal fan keunstners harren ferhaal oer hoe't sy mei humoristyske aksjes konflikten bestride en dogge wy in stapke werom yn de tiid mei fideomateriaal fan Chaplin en Marx Brothers.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)