IepenUP fan 27 maart 2019 20:01

Hollebatse!

Fryslân en metalheads binne ûnskiedber oan inoar ferbûn; de metalkultuer libbet yn ús provinsje. Dêrom woansdei in IepenUP-útstjoering yn it ramt fan 'hollebatse'.
In soad metalbands komme út Fryslân. Yn IepenUP Hollebatse binne trije fan de fjouwer bands dy't delkomme Frysk: Manu Armata (hardcore) út Harns, My Minds Mine (grindcore) út Ljouwert en Tsjuster (black metal) dat sels in Fryske namme oannaam.
Presintator Jacco de Boer freget de bands it himd fan it liif foardat se it poadium op klimme. Dêrnjonken komt For I Am King; in Amsterdamske band dy't op it stuit de wrâld ferôveret.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)