IepenUP fan 25 april 2018 20:01

Bekende skriuwers, skippers en dichters fertelle dizze jûn har favorite far- en wetterferhalen.

Te gast binne Maartje Wortel, Chris Polanen, Asis Aynan, Marleen Stelling, Nina Polak, Age Veldboom en tal fan oaren. De muzyk komt fan De Dopegezinde Gemeente.

Auteur Maartje Wortel publisearre koarte ferhalen yn literêre tydskriften en skriuwt kollums. Se fertelt oer de rol fan wetter yn har jeugd. De yn Suriname berne Amsterdammer Chris Polanen skreau it boek "Waterjager" oer de dyktrochbraak by Paramaribo. Skriuwer Asis Aynan draacht foar en ek sjoernalist Marleen Stelling draacht foar. Nina Polak fertelt oer har boek "Gebrek is een Groot Woord". Age Veldboom fertelt oer skûtsjes, Peter de Koe en Bas Krom prate oer har aventoeren. Dichter Piter Yedema stoar sneon. Hy soe ek foardrage. Kollegadichters bringe in earbetoan oan him.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)