IepenUP fan 24 jannewaris 2018 - Ljouwert Wetterkampioen

Ljouwert is wetterkampioen! Oft it no giet om skjin wetter yn de grêften, it feit dat wy drûge fuotten hawwe oft dat wy hjir de bêste wettertechneuten fan de wrâld hawwe. Wetterskippers, in wetterpanel en oare wetterspesjalisten prate yn IepenUP oer: WETTER!

Keunstner Daan Roosegaarde fertelt oer syn ljochtkeunstwurk 'Waterlicht' en hat yn de útstjoering in spesjale preview foar ús! Joop Mulder, eartiids fan Oerol Terschelling en no fan Sense of Place fertelt watfoar rol wetter, de seespegel en klimaatferoaringen hawwe op de lânskipskeunst oan de Waadkust. Yn it wetterpanel: dykgreve Paul van Erkelens, Fryske wetterambassadeur Pietrik Hoornstra en de klimaatstresstest spesjalist Prof. Floris Bogaard. Fierder sil Annemarie Nederhoed fan de Plastic Soup Foundation fertelle oer soep dy'tst écht net ite moast en komt de muzyk fan de Friese popband: WIEBE! Dêrneist sille wy it noch hawwe oer fiskmigraasje ek krije wy bier fan: reinwetter.

Share this page on:

IepenUP

Online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)