IepenUP fan 24 jannewaris 2018 - Help it is 2018

Noch efkes en dan giet it oan! LF2018: oftewol it Kulturele Haadstêd jier fan Ljouwert. Dit wykein is de iepening en der is fansels al in hiele reis efter de rêch. Mar: binne wy de eins wol klear foar? En hoe komt it eins yn 2019 en dêrnei? Sjoernalisten, minsken fan de organisaasje fan LF2018 en oare belutsenen prate yn IepenUP oer it jier: 2018.

Te gast binne Jannewietske de Vries, destiids deputearre kultuer en ien fan de inisjators fan it hiele Kulturele Haadstêd projekt. Sjoerd Bootsma en Claudia Woolgar, sy produsearje LF2018. Harmen van der Hoek, lid fan it bidbookteam. Oeds Westerhof, ferantwurdelik foar wat oerbliuwt fan de ynvestearringen en ynset nei 2018. Jort Klarenbeek fertelt oer alles dat der yn it iepeningswykein te belibjen falt en in sjoernalistenpanel sjocht werom op de ôfrûne jierren én foarút. Fierder bringt Bert Looper fan Tresoar in oade oan ferstoarne dichter Tsjêbbe Hettinga, komt keunstner Bonny Dijkstra oan it wurd om te fertellen wat hy docht yn 2018 en komt de muzyk fan Willie Darktrousers en de Splinters.

IepenUP

Ekstra útsjoering 4 maaie Frijheidskolleezje mei Jan Terlouw. It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)