IepenUP fan 24 april 2019 20:01

April op stil

Foar it eksperimint 'April op stil' leveren tsien skoalbern en sân dosinten harren smartphone yn en wiene se ôfhinklik fan oare foarmen fan kommunikaasje. Undertusken hawwe se harren telefoanen werom: binne sy alwer weromfallen yn harren âlde gewoanten? Yn IepenUP wurdt it eksperimint bepraat mei de Friese Poort, de jongerein en de dosinten.

Yn de útstjoering stiet iepenUP stil by de foar- en neidielen fan smartphones. De Friese Poort betocht de aksje om mear bewust te wurden fan it smartphonegebrûk

Ek wurdt stilstien by ferslavingen. Is in smartphone ferslaavjend en hoe wurket dat dan presys? En hokfoar effekt hat de smartphone op de mienskip? Kundigen fan Verslavingszorg Noord Nederland en it Rathenau Instituut komme del om hjiroer te praten.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)