IepenUP fan 21 febrewaris 2018: Help, de robots komen

    By IepenUP prate wy dizze woansdeitejûn oer robots, technyk en de takomst. Binne robots in bedriging, of sille se ús helpe om in moaier en better libben te hawwen? Woansdeitejûn komsto dêr achter, want njonken de oanwêzige sprekkers binne der ek robots yn poppoadium Neushoorn. Der komme medyske robots, battle robots en diy robots.

    Yn Neushoorn is woansdeitejûn ûnder oare Peter Wijninga fan HCSS, The Hague Centre for Strategic Studies, en Frank Slijper, fan fredesbeweging PAX oer killerrobots. Dat binne wapens dy't út harsels sjitte en deadzje kinne. Is dat de takomst? Of sitte wy oan it begjin fan in robogedon, dêr't wy it tsjin ôflizze moatte?

    IepenUP

    It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
    (advertinsje)