IepenUP fan 19 septimber 2018 20:01

IepenUP yn it kafee  giet oer bier. Yn in spesjale ôflevering wurdt praat mei brouwers, bierleafhawwers en wurdt der fansels ek bier preaun.

Tsjintwurdich is der hast gjin doarp of gebiet mear dêr't gjin eigen spesjaalbier makke wurdt. Jierrenlyn stie de animo foar spesjaalbier op in leech pitsje, mar tsjintwurdich binne de pleatslike bieren net mear wei te tinken yn kafees en supermerken.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)