IepenUP fan 19 desimber 2018 20:01

Fokke en Sukke-tekener Jean-Marc van Tol wie woansdeitejûn te gast yn IepenUP. Mei him waard 'De Staat van Nederland' bepraat. Van Tol hat ek in boek, Musch, skreaun oer Johan de Witt, in wichtige politikus út de gouden iuw.

Hoe stiet ús lân derfoar? Is der ôfstân tusken wat der écht bart en wat der yn de media toand wurdt? En kin in cartoon ea ferbean wurde? Oan de hân fan cartoons, fideofragminten en de aktualiteit waard it antwurd op dat alles socht.

Fierder kaam it 25-jierrich bestean fan Fokke en Sukke oan bar, striptekenjen yn it algemien en it keningshûs. Ek Asing Walthaus kaam del. Hy hat tal fan Fokke en Sukke's ferfryske. De poëzy kaam fan de stedsdichter fan Grins: Lilian Zielstra en de muzyk fan rapper Louis Pedro.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)