IepenUP fan 18 april 2018 20:01

Op 5 maaie fiere wy alle jierren wer de frijheid. Yn it kader fan dy frijheid wurdt dizze wike yn IepenUP yn gearwurking mei it 'Nationale Comité 4 en 5 mei' in frijheidskolleezje jûn troch heechlearaar Afshin Ellian. De presintaasje leit yn hannen fan Aldith Hunkar, foarhinne presintatrise fan it Jeugdjournaal.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)