IepenUP fan 17 oktober 2018 20:01

Klassike muzyk, dêr kinst hiel lang oer prate, mar better noch: nei harkje! Yn gearwurking mei it Oranjewoud festival presintearret IepenUP in klassike jûn.

Te gast binne tal fan toandichters, te begjinnen mei de Nederlânske Izhar Elias (1977). Hy spilet klassike gitaar, spesjalisearre yn de histoaryske útfieringspraktyk (barok en begjin 19de iuw), de keamermuzyk en hjoeddeiske muzyk. En dat kombinearre mei multimedia.

Akkordeonist Oleg Lysenko (Oekraïne, 1974) wie begjin dit jier al by ús yn de útstjoering oer Trump. Lysenko spesjalisearre him yn Argentynske tango op bayan en bandoneon. Earder wurke hy ûnder oaren gear mei skriuwer en byldzjend keunstner Armando, byldhouwer en tekener Koenraad Tinel en mei skriuwer Stefan Brijs.

De Rotterdamske fioelist Niek Baar (1991) studearre by prof. Stephan Picard oan de Hochschule für Musik 'Hanns Eisler' yn Berlyn. Yn july 2016 studearre hy ôf mei de heechst mooglike skoare. Yn desimber 2015 ûntfong Niek de Kersjesvioolbeurs yn it Concertgebouw, Amsterdam. Dy priis, mei it wearde fan 15.000 euro, wurdt alle jierren oan in jonge, talintfolle fioelist útrikt.

Harpist en operasjongeres Ekaterina Levental (Oezbekistan, 1977) en teätermakker Chris Koolmees doare te eksperimintearjen mei klassike muzyk. Sy makken bysûndere foarstellingen mei sjong, harpe, technyk en soundscapes.

It gedicht komt fan 'e jûn fan Ottelien Belzer.

IepenUP

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)