IepenUP fan 17 jannewaris 2018 - Donald Trump

It is sneon presys in jier lyn dat Donald Trump offisjeel presidint waard fan de Feriene Steaten. Alle dagen is er yn it nijs en it giet lang net allinnich oer syn polityk: it giet oer syn tweets, it ûndersyk nei de Russyske bemuoienis mei de presidontsferkiezings en no ek oer it boek oer de kampanje en de earste moannen yn it Wite Hûs. Wittenskippers, keunstners en sjoernalisten prate dizze wike yn IepenUP oer The Donald.

De fraach dy't sintraal stiet: wa is benaud foar Donald Trump? Hoe sjogge we hjir nei it presidintskip fan Trump en hoe ha we hjir mei him te krijen? Te gast binne saakkundige Bianca Pander fan kampanjeburo BKB, universitêr dosint Maarten Zwiers, sjoernalist Willem Groeneveld fan Suksawat en teäterselskip Heksenhamer. De jûn wurdt iepene troch operasjonger Sander Boonstra. Muzyk wurdt fierder fersoarge troch rapper Donnie (tapaslike namme), sjongers Timo de Jong en Joop Obama (noch sa'n namme dy't hjir moai by past), metalgitarist Mendel bij de Leij en de Russyske akkordeonist Oleg Lysenko.

Share this page on:

IepenUP

Online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)