IepenUP fan 13 maart 2019 20:01

It IepenUP ferkiezingsdebat

Woansdei 20 maart, mei hiel Nederlân wer nei de stimbus foar de Provinsjale Steateferkiezingen. Yn IepenUP stride ferskate partijen yn in debat oer stellingen dêr't ek it publyk by belutsen wurdt.

De kandidaten debattearje oer wichtige ûnderwerpen sa as de wurkgelegenheid, de legacy fan LF2018 en de Fryske taal en kultuer. Ek kinne minsken yn it publyk fragen stelle oan de kandidaten.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)