IepenUP fan 13 febrewaris 2019 20:01

De Waadkust is noch net befrijd fan de bulten plestik dy't de kontenerramp feroarsake hat. In soad konteners moatte noch burgen wurde en noch hieltyd spielt ferskaat guod oan op de Waadeilannen. Dé oanlieding om it yn IepenUP te hawwen oer plestik.

Wy brûke it de hiele dei troch yn ús deistich libben. Mar, wat is plestik no eins presys? Wêrfan en hoe wurdt it makke? En wichtiger noch: wêrom fergiet it net, en: kin it net minder? Sanne Steenbrink fan hegeskoalle Van Hall Larenstein fertelt hjiroer.

Ineke van Gent, boargemaster fan Skiermûntseach, is te gast om te praten oer de gefolgen foar har eilân. Ek fertelt se wat it plan fan oanpak is om de konsekwinsjes fan de ramp sa beheind mooglik te hâlden.

Op Skylge stie de boel op de kop: Lennard Jan Geerds fan Terschelling.TV wit it noch goed. Hy makke de earste bylden fan de ramp en sil dêroer fertelle. Op datselde eilân spielde de iene nei de oare 'My Little Pony' oan. Martin Winnen jutte 600 fan dy kleurde plestik ponnys fan it strân en ferkeapet se no foar in goed doel.

San Xyz fersoarget de muzikale yntermezzo's en Janneke Spoelstra is de dichter fan de wike. De kollum komt fan Sander Warmerdam, haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en keunstner Carolien Adriaansche makket fan it meinommen plestik fan de gasten wat nijs.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)