IepenUP fan 10 oktober 2018 20:01

Hoe âlderwetsk binne ambachten en wat kinne we derfan leare? Trije sprekkers hawwe it der oer yn de útstjoering fan IepenUP. 

De gasten fan dizze útstjoering binne:

  • Ana Mestre út Portugal. Se is product designer en hat nei har stúdzje oan de TU Delft in stimulâns jûn oan de Portugeeske koarkyndustry. Dy yndustry stiet ûnder druk troch de komst fan plastic koarken.
  • Eileen Blackmore is keunstner en de oprjochter fan House of Design. Sy organisearre projekten oer duorsumens en maatskiplike fraachstikken.
  • Aleid Brouwer, lektor Doelgericht Ondernemen oan de NHL Stenden Hogeschool yn Ljouwert. Sy rjochtet har op ûndersyk nei fernijende bedriuwsmodellen.

IepenUP Live

It online diskusjeprogramma dat alle woansdeis fan 20.00 oere ôf te sjen is op Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Alle wiken stiet der wer in oar mienskiplik tema sintraal dêr't elkenien oer meiprate kin yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert.
(advertinsje)